Retour

Explorez tous les épisodes du podcast PietCast

Plongez dans la liste complète des épisodes de PietCast. Chaque épisode est catalogué accompagné de descriptions détaillées, ce qui facilite la recherche et l'exploration de sujets spécifiques. Suivez tous les épisodes de votre podcast préféré et ne manquez aucun contenu pertinent.

Rows per page:

1–31 of 31

TitreDateDurée
De Winter fan 2016-2017 (#1)16 Feb 201700:12:45
Dizze earste PietCast giet oer de winter. De winter is hast dien en mei Piet sjogge we werom op dizze perioade. Wat foel op oan dizze winter en kinne we toch noch wat kjeld ferwachtsje?
Piet syn waarsrûtine en de grillicheid fan maart (#2)10 Mar 201700:19:15
Alle dagen wer dûkt Piet it waar yn. Mar hoe sjocht syn dei der eins út en wêr hellet de waarman syn ynformaasje wei? Wim Brons krûpt mei Piet achter syn kompjûters foar it útplúzjen fan de moarnsrûtine fan de waarman. Fansels prate se ek noch even oer it waar yn maart, want is it no maitiid of dochs noch winter....
Tonger, kjeld én waarmte. En falsk ljocht? (#11)13 Apr 201800:17:32
  Piet blikt mei Wim noch heel even werom op de iiswike. Mar op it stuit is it útsûnderlik waarm! Fierder giet it oer Sahara sân, de doarpsmole fan Hjerbeam, oer houtkachels en oer de hege snelheidstrein. Lêste berjochten binne dat dy like fersmoargjend is as it fleantúch. Neffens Piet moat we de holle koel hâlde en prioriteiten stelle. De PietCast is ek te finen yn Apple podcasts of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS
It waarme waar en Piets simmerfoarsizzing (#12)06 Jun 201800:15:55
Tsja, it moaie waar fan maaie hâldt mar oan en it liket wol of fynt elk it mar gewoan! Wim nimt troch mei Piet: de waarmte, de simmer(foarsizzing) en de ekstremen. Hawwe we sa stadichoan ek kâns op tornado's? Sille hagelstiennen tanimme yn diameter mei de grutter wurdende ekstremen? En: keunstgers is te hyt. Hear nei in kertierke serieus praat oer it waar fan no op in gelokkich net hieltyd serieuze toan.  
Drûchte, de Simmer en plaatsjes draaie... (#13)13 Jul 201800:10:36
  Yn dizze lêste podcast foar de simmerfakânsje giet it oer fansels de drûchte en fansels de simmer. Wim Brons praat mei Piet breedút oer de achtergrûnen by it ekstreme waar. Wat ferwachtet Piet fierder fan de simmer? En hokker garânsjes kin hy dêr by jaan? De earste twa-en-in-heale menút geane oer it draaien fan plaatsjes. Dat hat Piet wer oppakt yn it programma fan Harm Weistra en ach, plaatsjes draaie is altyd noch leuk. Toch?
Sûnens, ekstremen en in tipke winter (#14)26 Oct 201800:13:53
De earste PietCast nei de simmer. Heech tiid om by te praten nei de ekstremen, sawol yn it waar as op persoanlik flak. It waarbyld liket wer normale wearden te krijen; al is der noch in grut wettertekoart. En hoe dogge je dat: genietsje fan it moaie (nei)simmerwaar yn de wittenskip dat der dochs in tige ferûntrêstend patroan ûnder leit? Wat dogge de nijste berjochten fan it IPCC mei in professional as Piet? Ek sjogge wy al efkes foarút nei de winter. Mei watfoar oerwagingen yn de efterholle sjocht Piet it kommende seizoen temjitte?
-20 yn de media, de tocht, de winter en boaiemdelgong (#15)23 Nov 201800:17:32
Yn de foarige PietCast sei Piet dat it wol -20 wurde koe dizze winter. Wim Brons, nea út op ûnnedige opskuor, relativearret soks en sette dat net yn de kop fan it berjocht as clickbait. In wike letter herhelle Piet syn -20 útspraak yn oare media en wienen de koppen yn sûkelaarje letters net fan de loft. Wim nimt yn dizze ôflevering mei Piet troch hoe't soks wurket en of hy wit dat sa'n -20 derút pikt wurde sil. Fierder mear oer de kommende winter, de eksakte datum fan de Alvestêdetocht en we hawwe it oer de fersnelde boaiemdelgong. Yn goeie sfear en ûntspannen fansels, want we hawwe de tiid: in lytse 20 menúten achtergrûnen-by-it-waar-praat. Stay tuned!
Winter, hoe komt it dermei? Wurdt it écht spannend de kommende wike? (#16)16 Jan 201900:11:49
Aaaa, komt-ie der dan no, dy winter? Foar it wykein binne de ferwachtingen aardich ûnder 0 nachts. Mar dan? Set it troch? Wim Brons praat mei Piet Paulusma oer de achtergrûnen, fansels yn goeie sfear. Hear in goede tsien minúten nei de jannewaris edysje fan Omrop Fryslâns PietCast, de podcast fan ús waarman Piet Paulusma. Dizze podcast is publiseard op woansdei 16 jannewaris 2019 oan de ein fan de middei. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons
Maitiid yn febrewaris, mediashift én de Wetterskipsferkiezings (#17)28 Feb 201900:18:01
Yn dizze 17de ôflevering fan de podcast oer it waar mei Piet Paulusma praat Wim Brons mei ús waarman fansels oer de rekôrds fan de ôfrûne dagen. Fierder hat Piet noch hieltyd de hannen fol oan de mediastoarm om syn fuortgean, ein dit jier by SBS6, hinne. En der wurdt praat oer de Wetterskipsferkiezingen. Piet is in grut fan fan it Wetterskip en kin it belang fan dy organisaasje net genôch klam jaan. Dochs bliuwt de fraach: moatte wy stimme en sa ja: wêrop dan? Stay tuned foar in lytse 20 minuten lege-druk-waarpraat! Reaksje of fraach? Graach. We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons.
In sniebui?, mediastoarm en wetterpeil (#18)19 Mar 201900:13:57
Yn dit legedrukgebiet op ynternet, prate Piet en Wim diz'kear oer de ferwachting foar de earste wiken fan April. Fierder drinkt Piet in soad kopkes kofje mei mediabazen yn it lân en liket it de goeie kant op te gean mei de grûnwetterstân. Gjin nijs? Dochs wol, altyd! En oars jou je je gewoan even del by wer in lyts kertier legedruk waarpraat yn dizze 18e edysje fan de PietCast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons
Piet's simmerfoarsizzing 2019 (#19)31 May 201900:17:32
Alle jierren komt Piet Paulusma mei in foarsizzing foar de simmer. Yn dit legedrukgebiet op ynternet, de PietCast, prate Piet en Wim diz'kear oer Piet's ferwachting foar dy simmer. Wurdt it wer sa'n ekstreme simmer as ferline jier? Yn de njoggentjinde PietCast sjocht Piet foarút op it waar de kommende simmer. De streamingspatroanen fan de ôfrûne winter en no yn de maitiid sjogge der hiel oars út as ferline jier. Dat hat er meinaam yn syn foarsizzing. Wér in kertierke legedruk waarpraat yn dizze 19e edysje fan de PietCast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Mailtsje kin nei Wim Brons
Ekstreme simmer troch klimaatferoaring en it klimaatbelied (#20)30 Aug 201900:26:45
Sa'n bytsje oan de ein fan dizze simmer is it tiid om Piet Paulusma wer ris even op te sykjen foar de PietCast. Yn Harns praat Wim Brons yn de tweintichste edysje fan de podcast mei Piet oer it útkommen fan syn simmerfoarsizzing. Ek hawwe beide mannen it oer it feroarjende klimaat en oer Piets twivels of alle feroaringen wol troch CO2 komme. En is der neffens Piet wol genôch draachflak foar alle maatregels dy't no op stapel steane? Fierder steane de ûnderwerpen tonger en bliksem op it programma en fansels wol Wim fan Piet witte hoe't it stiet mei 'de kopkes kofje mei mediabazen'. In lyts heal oerke ûntspannen waar- en klimaatpraat yn it lege drukgebiet op ynternet yn de tweintichste PietCast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons
Is april it logyske ferfolch op maart? (#3)07 Apr 201700:04:33
In koarte edysje 3 fan PietCast: Piet Paulusma evalueard maart en sjocht mei Wim Brons foarút op april.
Winter 2019/20: Hoe komt it Piet? (#21)25 Oct 201900:11:34
  Us waarman Piet Paulusma hat syn ljocht skine litten oer de kommende winter yn syn earste winterfoarsizzing. Yn dizze nije PietCast, de podcast fan Piet, praat Wim Brons der mei him oer troch. Spoilerke: It wurdt kâlder én wikselfalliger as oare winters. Mar hear wer nei in goeie tsien menúten ûntspannen waarpraat yn dit legedruk gebiet op ynternet: de PietCast!
Piet to the MAX! (#22)11 Dec 201900:15:57
  'Hoe koe dat no útlekke man?' Fraach 1 fan Wim Brons oan Piet en sa hawwe we it yn dizze PietCast 22 fral oer de oerstap fan Piet nei NPO1, MAX. En in ietsiepietsie oer de winter. 'Is it te myld?' Nee, seit Piet, en it wurdt wat kâlder mar garânsjes op in wite Kryst komme der seker net. Stay tuned foar wer in kertierke prima waar- en mediapraat yn dit stasjonêre legedrukgebiet op ynternet: de podcast mei Piet Paulusma!
Winterstoarmen, simmerbannen, ekstremen, Piet Op1 en hoe giet it by Max Piet? (#23)15 Feb 202000:15:47
It earste kertierke waarpraat online mei Piet fan 2020. Noflik? Jawis! Utspraken? Ja ek: 'As de waarme Golfstream yn de oseaan omdraait ferwachtsje ik net binnen sân, mar binnen fiif jier in Alvestêdetocht'. En Piet is tenei ien kear yn de moanne te gast by de talksjo Op1 mei eftergrûnen by it waar. Piet Paulusma yn in nij legedrukgebiet op ynternet: PietCast #23!
Simmer 2020 (#24)04 Jul 202000:17:38
Piet Paulusma en Wim Brons sjogge elkoar wer ris even yn de eagen sûnt it begjin fan de corona krisis. We hawwe it wiidweidich oer drûchte en delslach, oer de kommende simmer, oer Piet's aktiviteiten by Max en ek noch even oer de corona. Al moat de konklúzje wêze dat ek dizze hearen gjin virolooch binne. Mar wól wer in moai lyts kertierke legedruk waarpraat yn dizze nije ôflevering fan de PietCast, in soad wille by it belústerjen derfan!
Wannear komme we ûnder de 10 graden? En hokker tellerke stiet der tsjin dy tiid op 35?? (#25)20 Nov 202000:16:15
  Yn dizze nije PietCast, de podcast mei waarman Piet Paulusma, sjogge Piet en presintator Wim Brons nei desimber, want dan wurdt it 10- en 35+ at it in bytsje mei sit. En fierder hawwe we it fansels oer it waar en de ekstremen fan dizze dagen en de lêste wiken. In goed kertier ûntspannen waarpraat en sa hawwe je samar in legedrukgebiet op ynternet. Kinne we wol brûke!  
Winter 2020/21: op natoeriis seit Piet! (#26)30 Nov 202000:06:51
Yn dizze nije edysje fan de PietCast praat Wim mei Piet oer syn winterfoarsizzing: langer as twa dagen op natoeriis, mear winter as ferline jier! Ek kwakkelwaar en mooglik perioaden mei relatyf waarm waar. Hear yn dizze podcast de wiidweidiger útlis fan ús waarman Piet Paulusma oer syn blik op de kommende winter.
1979 wurdt it net, toch Piet? (#27) 04 Feb 202100:13:23
Nije wike iis! Mar dat wurdt wol bobbeltsje iis tink Piet? Mei al dy snie en wyn earst.. Piet leit út dat it in útsûnderlike en bysûndere sitewaasje is en yn dizze podcast giet it oer alle aspekten fan dy kommende winterwike. Stay tuned foar wer in lyts kertier lege-druk waarpraat op ynternet: de PietCast. Mei fansels ús waarman Piet Paulusma en presintator Wim Brons
Simmer 2021! PietCast #2801 Jun 202100:15:26
Piet Paulusma mei syn foarsizzing foar dizze simmer yn de nije PietCast. It giet knap dizze dagen, dus we krije der nocht oan. Mar hoe komt it fan 't simmer? Wat is der no al oer te sizzen? Wim Brons freget it oan ús waarman. En wat is der mear te rêden? In skeurkalinder! Piet komt mei syn eigen kalinder. Nou, der hawwe we it ek even oer. Set 'm op! En foar noch mear aardichheid, besjoch de 360 graden fideo by dizze podcast op YouTube, opnaam yn de waarkeamer fan Piet.
Indian summer, 25 jier TV en mear (#29)09 Sep 202100:10:52
  Piet & Wim besprekke rinnend yn de Ingelske Tún yn Harns de simmer, dy't no sa'n bytsje achter ús leit. Ha gjin noed: ek at it waar alwer minder is kinst dit praatsje noch goed hawwe hear! It giet ék oer Piet's 25 jierren lanlike telefyzje, oer Piet's nije skuorkalinder (ja, écht) en fansels foarsichtich oer de kommende hjerst. In goeie tsien menúten lege druk waarpraat op ynternet, moai das't wer even mei hearst. By dizze podcast is ek in fideo op ús YouTube kanaal:
Op de pier yn Harns oer COP26, oer it klimaat dus. En oer it waar fan no (#30)05 Nov 202100:16:47
Op de pier yn Harns oer COP26, oer it klimaat dus. En oer it waar fan no (#30) Nou ja, Piet en Wim litte harren wat ôfliede troch it plak fan de âlde misthoarn fan Harns en troch it radioljochtskip Jenni Baynton yn de Willemshaven, mar it grutste part fan dizze PietCast giet dochs écht, sa't it heart, oer it waar!   Piet hat syn twivels oer of it slagje sil de CO2 útstjit te ferleegjen. Fansels hawwe we it dêroer fanwege de miljeutop dy't dizze dagen holden wurdt yn Glasgow. Dat dêr al ôfsprutsen is de ûntbossing tsjin te gean fynt Piet wichtig. Fierder hawwe Piet en Wim it koart oer de winter en oer it waar fan dizze wike. Wér in kertierke legedruk waarpraat op ynternet! Stay tuned, hjir, yn Spotify en yn oare podcast apps en oars op YouTube, want der is ek fideo by dit petear:    
Klimaatspesjal diel 1 (#4)25 Apr 201700:30:37
Piet Paulusma is mei Wim Brons ûnderweis nei in byienkomst mei alle bekinde waarmanlju en -froulju fan Nederlân yn De Bilt by it KNMI. It gesprek yn de auto giet oer Piet's soargen en ydeeën oer de opwaarmjende ierde en se blikke foarút nei de gearkomste. Takom wike diel 2 mei ferslach fan dy fergadering yn de foarm fan gesprekken mei de Deltacommissaris Wim Kuijken, waarman Gerrit Hiemstra én fansels wer mei Piet Paulusma.
Even trochprate oer de kommende winter(foarsizzing) (#31)30 Nov 202100:12:13
  Piet hat syn foarsizzing foar takom winter bekend makke. Wim nimt it troch mei ús waarman: op syn minst in wike op natueriis en fierder net sa stabyl... Fierder hat Piet syn hûs yn Harns te keap en ek dêroer giet it in momintsje yn dit lytse kertier waarpraat online. Set 'm op en stay tuned!
Klimaatspesjal diel 2 (#5)26 May 201700:28:40
Klimaatspesjal diel 2 mei Piet Paulusma. De resultaten fan en neipraat by de meeting by it KNMI mei alle (bekende) waarmanlju en -froulju fan Nederlân. Dy byienkomst wie in pear wiken ferlyn op inisjatyf fan de Deltakommissaris fan it Ryk Wim Kuijken. Hy komt oan it wurd yn dizze Pietcast en ek dy oare bekende Fryske waarman: Gerrit Hiemstra. Dit twadde part fan de klimaatspesjal begjint mei in frachmint út diel 1 wêryn't útlein wurdt wat foar gearkomste it einst om giet. Stay tuned! :-)
De simmerfoarsizzing (#6)30 Jun 201700:17:14
Yn dizze lêste PietCast foar de simmer giet it oer... de simmer! Piet makket alle jierren in simmerferwachting foar juny, july en augustus. Ien moanne fan dy trije hawwe we hân en hoe is dat gongen? Hoe siet it mei de ekstremen? We zoome noch even yn op de buien fan ein juny (dy moasten noch komme doe't dizze podcast opnaam waard) en dêrnei giet it oer july en augustus. Wat kinne we ferwachtsje? En hoe wie it doarpsfeest fan Hjerbeam eins :-)? Gean der even rêstich foar sitte en harkje nei twa mannen dy't it in goed kertier breedút hawwe oer it waar fan de kommende simmer en de eftergrûnen dêrby.
Hurricanes. En it strân ûnder de 25 graden? (#7)12 Oct 201700:15:32
Hoe siet dat mei al dy orkanen? Wat hawwe wy dêr fan meikrigen? Wólle wy tsjintwurdich waarmere simmers? Ferwachtsje we dat? En in foarsichtige foarútblik nei de winter. Dêrby fral: hoe komt Piet ta syn winterfoarsizzing op 1 desimber?   
Deltacongres 2017 yn Ljouwert, diel 1 (#8)17 Nov 201700:15:19
Begjin novimber wie yn Ljouwert it Deltacongres. Op útnoeging fan Deltacommissaris Wim Kuijken wienen wetterskippen út hiel Nederlân en oare beliedsmakkers te gast yn it WTC om ynformaasje út te wikseljen oer de stân fan saken omtrint klimaatferoaring en de maatregels en oplossings dy't dêrmei nedich binne. Piet Paulusma en Wim Brons wienen ek te gast en dienen yndrukken op. Hjir diel 1 fan 2 PietCasts fan dit kongres ôf.  
Deltacongres 2017 yn Ljouwert, diel 2 (#9)11 Jan 201800:13:24
Begjin novimber wie yn Ljouwert it Deltacongres. Op útnoeging fan Deltacommissaris Wim Kuijken wienen wetterskippen út hiel Nederlân en oare beliedsmakkers te gast yn it WTC om ynformaasje út te wikseljen oer de stân fan saken omtrint klimaatferoaring en de maatregels en oplossings dy't dêrmei nedich binne. Piet Paulusma en Wim Brons wienen ek te gast en dienen yndrukken op. Hjir diel 2 fan 2 PietCasts fan dit kongres ôf.
Gryp, karnaval, ferdivedaasje, de winter en toch ek noch wer it klimaat (#10)16 Feb 201800:13:28
Ja, ja, ja de winter... Komt der noch wat? We hawwe it deroer, fansels! Mar Piet en Wim hawwe earst in menútsje as fjouwer 'smalltalk' oer gryp, karnaval en entertainment. En ta beslút: wat foar elementen út dizze winter binne streekrjocht ta te skriuwen oan de klimaatferoarings?
© My Podcast Data · Projet indépendant · Données issues d'Apple & Spotify